"Organisaasje moat mear iepenheid jaan oer programma KH2018"

11 apr 2017 - 20:10

De kommunikaasje oer Kulturele Haadstêd moat better. Friezen moatte better ynformearre wurde oer wat takom jier allegearre barre sil. Dat sei fraksjefoarsitter Avine Fokkens fan de VVD yn Provinsjale Steaten tiisdei yn It Polytburo op Omrop Fryslân Telefyzje.

Oer acht moanne is it safier dat Ljouwert in jier lang Kulturele Haadstêd fan Europa is. Likegoed is der noch in soad ûnbekend oer it programma. De organisaasje wol dêr pas fan 't hjerst mei komme. Neffens Fokkens soe it goed wêze as de Fryske polityk wat mear ynfloed op it barren krijt.

Deputearre Poepjes is it net mei de krityk fan Fokkens iens. Neffens har sil de publisiteit oer Kulturele Haadstêd meikoarten echt loskomme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)