Taakstraffen ûnder betingst foar oerfal op tankstasjon

11 apr 2017 - 19:49
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

Twa manlju út Amsterdam hawwe taakstraffen ûnder betingst krigen foar de oerfal op in tankstasjon, goed trije jier ferlyn yn Wynjewâld. In tredde fertochte waard frijsprutsen, omdat der te min bewiis tsjin him wie.

De rjochtbank hat by de straffen rekken hâlden mei it feit dat it al lang lyn is dat de manlju yn de fout giene. De Amsterdammers hiene sawat alle sigaretten en sjek fan it tankstasjon stellen.

Tracers

Omdat der al earder ynbrutsen wie, hie de plysje tracers yn ien fan de pakjes sigaretten dien. Sa koene de fertochten úteinlik pakt wurde.

Trefwurden: 
oerfal tankstasjon Wynjewâld
(Advertinsje)
(Advertinsje)