Lemsters posityf oer werynrjochting Krijgerplein

Lemsters binne oer it algemeen posityf oer de plannen fan de gemeente De Fryske Marren om it Boargemaster Krijgerplein op 'e nij yn te rjochtsjen. Dat die tiisdei bliken op in ynformaasjegearkomst oer de nije plannen foar it sintrum fan De Lemmer.
By de werynrjochting wurdt in protte omtinken jûn oan de histoarje fan it sintrum fan De Lemmer. Dat komt bynammen ta utering yn de gevels fan de gebouwen oan it Boargemaster Krijgerplein. It plan foarsjocht ek yn de bou fan apparteminten. Neffens wethâlder Frans Veltman fan De Fryske Marren is de histoaryske ynrjochting in eask fan de gemeenteried. De wethâlder hopet dat it plan ein 2018 realisearre is.