360-FIDEO: In ritsje yn de nije achtbaan fan Duinen Zathe

11 apr 2017 - 21:08

Duinen Zathe yn Appelskea hat der in nije attraksje by: achtbaan de London City Coaster. No freed giet it park iepen, mar Omrop Fryslân makke alfêst in ritsje mei de nije oanskaf. De achtbaan is dan wol nij foar Appelskea, hy hat al ferskate libbens achter de rêch. “Oorspronkelijk komt deze achtbaan uit een pretpark in Engeland. Daarna is het naar verschillende kermissen in Europa gegaan”, seit Herman Jasper, eigener fan Duine Zathe.

In achtbaan hat altyd in dream foar Jasper west, Doe't se yn Sittard ien te keap seagen, binne se fuortendaliks yn de auto sprongen en derhinne riden.

Trefwurden: 
Duinen Zathe achtbaan
(Advertinsje)
(Advertinsje)