FIDEO: Tariedings The Passion yn folle gong

11 apr 2017 - 17:28

Ljouwert makket him op foar The Passion. De organisaasje is noch drok dwaande mei de produksje fan it Peaske spektakel, dat tongersdei plakfynt yn de stêd. De opbou fan it dekôr op it Saailân is yn folle gong, op it Aldehoustertsjerkhôf wurdt in skerm delset dêr't alles live te folgjen is en der wurdt hurd wurke oan de feiligens yn de stêd.

Ek de Ljouwerter hotels merke dat The Passion deroan komt. Der binne folle mear keamers beset as gewoanwei.

Trefwurden: 
The Passion Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)