GGZ-ûndersyk foar man dy't kondukteur brutsen noas sloech

11 apr 2017 - 16:50
Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De man út Assen dy't yn desimber yn de trein fan Snits nei Ljouwert in kondukteur mishannele hat, moat ûndersocht wurde yn in GGZ-klinyk. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert besletten.

De man siet sûnder kaartsje yn de trein en waard lilk doe't de kondukteur him dêrop oanspruts. Hy sloech it slachtoffer sa bot, dat er de noas stikken hie. De fertochte kin oer in pear wiken yn de klinyk te plak. De rjochtsaak giet dan yn july fierder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)