Van Hall Larenstein jout les oer ûntbinende lichems

11 apr 2017 - 16:30
Foto: Van Hall Larenstein

Studinten fan de hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert kinne fan takom skoaljier ôf in fak folgje dat him rjochtet op it ûntbinen fan it minslik lichem: forensic taphonomy. De studinten fan de rjochtingen Forensic Science, Biotechnology, Biomedysk of Biology krije earst teory. Mar se geane ek praktysk oan de slach, se dogge ûndersyk op bonkerakken dy't oan it ûntbinen binne.

Van Hall Larenstein wurdt geregeld troch de plysje om help frege by forensysk ûndersyk. En de hegeskoalle wurket ek gear mei oare ynstituten op it mêd fan forensyske wittenskip.

(Advertinsje)
(Advertinsje)