Ien kompetysje foar triatlons Warkum, Wytmarsum en Wommels

11 apr 2017 - 16:01
Triatlon yn Wytmarsum - Foto: Triatlon yn Wytmarsum

Der komt in kompetysje foar trije 1/8e triatlons yn Fryslân. De organisaasjes achter de triatlons fan Warkum, Wytmarsum en Wommels komme mei ien klassemint foar minsken dy't oan alle trije wedstriden meidogge.

Www-kompetysje

It hjit de www kompetysje. It einklassemint fan dy www-kompetysje wurdt opmakke op basis fan dy trije wedstriden. By 1/8e triatlons moatte dielnimmers 500 meter swimme, 20 kilometer fytse en 5 kilometer drave.

De kompetysje begjint op 3 septimber yn Warkum. In wike letter is der in wedstriid yn Wytmarsum en de lêste triatlon is op 16 septimber yn Wommels.

Trefwurden: 
triatlon
(Advertinsje)
(Advertinsje)