Flessepost-ôfstjoerder nei Flylân om strân skjin te meitsjen

Flessepost-ôfstjoerder Susie Hampton (30) út Ingelân, komt nei Flylân om te helpen it strân skjin te meitsjen. Dat seit boskwachter Anke Bruin-Kommerij fan Flylân, nei kontakt mei Susie. Foarige wike waard it fleske fûn op it strân fan it Waadeilân. Bruin-Kommerij hie moandeitejûn kontakt mei Susie: "Ik stond op het punt om naar bed te gaan en toen kreeg ik een bericht van haar. We hebben daarna nog een uur met elkaar zitten praten. Erg bijzonder!"
Susie wie as 10-jierrich famke yn 1997 op fakânsje yn Kent, Ingelân, by freonen fan har heit. Op in stuit hat se it bryfke mei de tekst "Hi my name's Susie Hampton. I'm 10 years old" skreaun, yn in plestik fleske dien en yn 'e see smiten. Pas tweintich jier letter waard it fleske mei it bryfke fûn op it strân fan Flylân troch in boskwachter. Dy pleatste in oprop op Twitter, en sa begûn de syktocht nei Susie.
Syktocht
Susie har heit tipte har oer de Flylanner syktocht nei de flessepost-ôfstjoerder, nei't er der ôfrûne wike yn Ingelske media oer lêzen hie. It kaam him yn it sin dat syn dochter de flessepost tweintich jier lyn 'ferstjoerde'. Susie naam dêrop moandeitejûn kontakt op mei boskwachter Bruin-Kommerij fia Twitter.
Strân skjinmeitsje
Neffens Bruin-Kommerij wol Susie wat werom dwaan foar de natuer nei it smiten fan in plestik fleske yn de see. En Flylân liket har in moai plak om dat te dwaan. "Ze wil naar Vlieland komen om het strand schoon te maken." It is noch net bekend wannear't Susie nei Flylân komt.
It fleske mei in bryfke bewarret boskwachter Bruin-Kommerij foar Susie: "Dat flesje koester ik en dat mag Susie komen ophalen. Dat krijgt ze terug als ze dat wil."