Fuotbalklups Achtkarspelen yn aksje foar taksy Waaksma

© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Alve fuotbalklups út de gemeente Achtkarspelen fiere kommende sneon aksje foar taksy Waaksma. Dan wurdt de ynhelwedstriid Koatstertille tsjin GSVV spile. GSVV spilet yn in spesjaal foar dizze wedstriid makke shirt. As je alle shirts op rige sjogge, dan stiet der de tekst: ''pal achter waaksma.''
Alle fuotbalklups yn de gemeente hawwe oanjûn de aksje te stypjen. Ien fan de foarsitters sil kommende sneon in ferklearring jaan.
Nei in oanbesteging fan it taksyferfier yn de regio Noardeast-Fryslân, foel Waaksma bûten de boat. It ferfier giet no nei fjouwer bedriuwen fier bûten de regio. Dit hat foar in soad opskuor feroarsake yn de regio.