Michael Lanting fan Spakenburg nei ONS Snits

11 apr 2017 - 13:10
Ut 2014: Chris de Wagt en Michael Lanting - Foto: awfoto.nl

Michael Lanting, oanfierder fan twadde difyzjeklup Spakenburg, spilet takom seizoen foar ONS Snits. De 32-jierrige middenfjilder fynt it nei fjouwer seizoen by de 'Blauwen' tiid foar in nije útdaging. Lanting is in ferdigenjende middenfjilder dy't yn de duels izersterk is. Lanting hat ek fuotballe foar Achilles '29, AFC en Hollandia. ONS Snits hat noch in pear punten nedich om takom seizoen wer út te kommen yn de tredde difyzje.

Trefwurden: 
Michael Lanting ONS fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)