Buertprevinsjeteams dogge goed wurk

11 apr 2017 - 12:24

Der is sa'n 30 prosint minder ynbrutsen yn Ljouwert oer de lêste trije jier, nei de komst fan buertprevinsjeteams. Yn hiel 2013 gebeurde dat rom 900 kear. Dit hege ynbraaksifer wie doe oanlieding foar de gemeente om wurk te meitsjen fan buertprevinsjeteams. Sa'n team bestiet út frijwilligers dy't de boel yn harren wyk yn 'e gaten hâlde. Se lette op fertochte situaasjes, op oerlêst en op rommel.

Yntusken hawwe njoggen Ljouwerter wiken in buertprevinsjeteam, yn totaal binne der 100 frijwilligers. It tal ynbraken is fan rom 900 nei ûnderen ta gien nei sa'n 600. Neffens wykagint fan Camminghabuorren Cor Bruinsma komt dit troch de kombinaasje fan wykprevinsjeteams, WhatsApp groepen en bettere ynbraakprevinsje thús.

Stipe fan gemeente

Ljouwert rint foarop yn Fryslân as it giet om buertprevinsjeteams. Dizze teams komme foaral yn it suden fan it lân foar. De gemeente stipet it finansjeel mei bygelyks in jas, bûseljocht en opliedingen, sa as omgean mei emoasje en agresje. Fierder wol de gemeente har der sa min mooglik mei bemouie, de frijwilligers moatte it sels dwaan.

WhatsApp

Ek WhatsApp groepen binne populêr. De gemeente krijt hieltyd faker fersiken fan buerten foar ferkearsbuorden dy't oanjouwe dat de buert mei elkoar op WhatsApp sit. De gemeente is hjir wat weromhâldend yn, se wolle krekt minder ferkearsbuorden. Wol jouwe se tips oer it goed brûken fan WhatsApp, sa as net te folle âldehoere. Oars stapt eltsenien út de groep en is it net effektyf. As der wat fertochts sjoen wurdt, moat de behearder fan de groep kontakt sykje mei de wykagint. Yn hiel Fryslân binne der mear as hûndert WhatsApp groepen, besjoch dit kaartsje om te sjen wêr krekt allegearre.

Ferfanging plysje?

De buertprevinsjeteams hawwe goed kontakt mei de wykagint. "Een buurtpreventieteam is er in principe niet om doorgewinterde criminelen op te sporen. Het is vooral bedoeld om buurtbewoners aan te spreken op gedrag, zoals rondhangende jeugd of mensen met loslopende honden'', fertelt wykagint Cor Bruinsma. Hy hat regelmjittich kontakt mei it buertprevinsjeteam yn syn wyk Camminghabuorren. Se prate ûnder oaren oer wat in buertprevinsjeteam wol en net mei. "Als team heb je geen extra bevoegdheden. Die zijn gelijk als burger.''

Trefwurden: 
buertprevinsje ynbraak
(advertinsje)
(advertinsje)