"Restaurant Trije Hûs yn de simmer noch net iepen"

11 apr 2017 - 12:04
Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De kans is net grut dat restaurant Trije Hûs by Grou fan 't simmer wer iepengiet. Dat tinkt pachter René Vaartjes. "Dan soene we oer twa moannen yn in oare foarm iepen gean kinne. It seizoen is dan gewoan te koart", fertelt Vaartjes. Oer de takomst kin er fierder noch net in soad sizze, om't der noch in hiel soad ûnwissichheden binne mei de fersekeringen. Op it stuit hat Vaartjes it drok mei it ferpleatsen fan de reservearringen, dy't al dien binne by it restaurant.

It giet mei Vaartjes wer hielendal goed, sa seit er. Nei de brân is er behannele yn de ambulânse, mar der wie neat oan 'e hân. Vaartjes slagge deryn om freed, by it útbrekken fan de brân, wichtige saken te behâlden: "Ik ha alle persoanlike dingen rêde kinnen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)