Vermilion moat ophâlde mei it boarjen nei gas by Langsweagen

(stockfoto) © Omrop Fryslân
Gaswinbedriuw Vermilion moat uterlik tiisdei ophâlde mei it winnen fan gas út put nûmer 3 by Langsweagen. Docht it bedriuw dat net, dan krijt it in twangsom oplein mei in maksimum fan 10 miljoen euro. Dat hat it Staatstoezicht op de Mijnen tiisdeitemoarn bekend makke. Neffens it Staatstoezicht hat Vermilion de put yn gebrûk naam sûnder dat der in goedkard winningsplan foar wie. Dat is net tastien.
Vermilion hat yntusken in oanfraach foar it gaswinplan yntsjinne. Fanwege de nije mynbouwet mei ek de gemeente Hearrenfean advys jaan oer dizze oanfraach. Hearrenfean is lilk op Vermilion om't dy twa jier lang gas wûn hat ûnder de wenwyk Skoatterwâld, sûnder dat de gemeente dat wist. Neffens de gemeenteried past gaswinning net by in duorsume gemeente.