UPDATE: File op de Ofslútdyk troch ûngelok

11 apr 2017 - 11:40
Foto: GinoPress B.V.

Op de Ofslútdyk yn de rjochting fan Fryslân is in autoambulânse op in bestelauto botst. De fangrail by it monumint waard derby aardich rekke. Plysje en ambulânse wiene gau te plak, mar op dit stuit is it net dúdlik oft der ek minsken ferwûne binne.

Yn de rjochting fan Fryslân is troch it ûngelok in lytse file ûntstien. Ien rydstripe is ôfset boar de berging fan de twa auto's.

Trefwurden: 
Ofslútdyk ûngelok
(Advertinsje)
(Advertinsje)