FNV: Soargen oer mooglike oername fytsefabryk Accell Group

Accell Group © Omrop Fryslân
It fakbûn FNV Metaal makket him soargen oer de mooglike oername fan it Hearrenfeanster fytsefabryk Accell Group troch Gazelle-eigener Pon. De plannen komme foar it fakbûn as in folsleine ferrassing en kinne grutte gefolgen foar de wurkgelegenheid ha, sa seit it fakbûn.
As foarbyld neamt it fakbûn dat de produksje fan Gazelle-fytsen by Pon folslein útbestege is oan in útstjoerburo. De meiwurkers falle om dy reden net ûnder de Metaal-cao. It fakbûn wachtet mei spanning ôf hoe't it fierder giet mei de mooglike oername.
Earder tiisdei waard bekend dat Pon in oernamebod dien hat op fytsefabrikant Accell group, it memmebedriuw fan merken as Batavus, Koga en Sparta.