Nije fierljepfoarsitter, topljepper Helmholt ûnderskieden

Teije Dijk fan Burgum is de nije foarsitter fan it Frysk Ljeppers Boun. Hy folget Jouke Jansma fan Winsum op. Jansma hat fiif jier foarsitter west fan de fierljepklup. Moandeitejûn op de algemiene ledegearkomste yn Burgum wie de oerdracht. It Frysk Ljeppers Boun is it oerkoepeljend orgaan fan de Fryske fierljepôfdielingen.
Ald-fierljepper Bart Helmholt krige op dy ledegearkomste in sulveren polske fan it Frysk Ljeppers Boun. It is in earbetoan foar syn grutte fertsjinsten foar de fierljepsport. Helmholt hold foarich jier op. Hy waard yn totaal sân kear Frysk kampioen en wie ek sân kear de bêste fan Nederlân. Helmholt hat ek it wrâld, Nederlânsk en Frysk rekôr mei 21.64 meter yn hannen.
Op it Frysk Sportgala fan dit jier krige Helmholt de oeuvrepriis. Ek waard er in tal kearen Frysk sportman fan it jier. Hy is ek earelid wurden fan syn eigen klup yn Burgum.