Mear positive soa-testen yn Fryslân

11 apr 2017 - 10:56

It oantal minsken dat him by GGD Fryslân teste lit op in soa is mei 5 prosint omheech gean. Fan de minsken dy't harren teste lieten, hie in kwart in soa. Opfallend is neffens de GGD it stiigjende tal soa's ûnder manlju dy't seks hawwe mei manlju. Dat hat der nei alle gedachten mei te krijen dat hieltyd mear homo's harren ûndersykje litte by de GGD.

Dy hat yn totaal mear as 1.800 ûndersiken dien. Chlamydia komt mei hast 70 prosint fierwei it meast foar, benammen by jongeren ûnder de 25 jier. De GGD neamt de taname fan it oantal soa ferûntrêstend, mar is wol ynnaam dat hieltiid mear minsken harren teste litte.

Trefwurden: 
soa GGD Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)