UPDATE: Steuring spoarbrêge Akkrum is foarby

11 apr 2017 - 09:55
Spoarbrêge (hjir op argyffoto) - Foto: Google Earth

De steuring oan de spoarbrêge by Akkrum is foarby. De treinen tusken Ljouwert en Akkrum ride wer neffens tsjinstregeling. Tiisdeitemoarn ûntstie der in defekt oan de brêge en dat soarge foar opûnthâld foar treinreizgers. De NS sette bussen en taksys yn.

Earder tiisdeitemoarn foelen op it spoar tusken Snits en Starum meardere ritten út, troch in technyske steuring yn in Arriva-treinstel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)