Oernamebod op fytsefabryk Batavus It Hearrenfean

11 apr 2017 - 08:13

Fytsemakker Accell Group op It Hearrenfean hat in oernamebod krigen fan hannelsbedriuw Pon. Dat hat it memmebedriuw fan merken as Sparta, Batavus en Koga tiisdeitemoarn bekend makke. Pon is net allinnich bekend as ymporteur en ferkeaper fan auto's, mar is ek eigener fan fytsemerken lykas Gazelle en Union.

Troch de oername soe it bedriuw de grutste fytsefabrikant yn de wrâld wurde. Beide partijen binne mei-elkoar yn petear, mar de útkomsten steane neffens de de direksje fan de Accell Group noch net fêst.

Trefwurden: 
Accell Group fytsen
(Advertinsje)
(Advertinsje)