Susie Hampton fan de flessepost op Flylân is fûn

11 apr 2017 - 06:38
Foto: Twitter

Susie Hampton, de frou fan de flessepost dy't op Flylân fûn waard, is fûn. Steatsboskbehear fûn de flesse op it strân fan it eilân. Yn de flesse siet in briefke fan Susie Hampton út Minster. Se hie de flesse 20 jier lyn oan de Ingelske kust yn it wetter smiten. Nei de fynst fan de flesse waard in sykaksje nei Susie opset, wêrby't ek Ingelske media ynset waard. Fia twitter hat boskwachter Anke Bruin-Kommerij kontakt hân mei de no 30-jierrige Susie.

Op it briefke stiet dat de doe 10-jierrige Susie Hampton it fleske op 25 augustus 1997 yn it wetter smiten hat.

Trefwurden: 
flessepost Susie Hampton
(Advertinsje)
(Advertinsje)