LTO Noard wol nij ministearje fan 'iten en lânskip'

11 apr 2017 - 06:29

Der moat in nije ministerpost komme foar 'iten en lânskip'. Dat wol LTO Noard. Dy fynt dat der mear boereferstân yn Den Haag komme moat. In delegaasje boeren en túnkers biedt dêrom tiisdei in pakket mei goed 300 oanbefellingsbrieven oan formateur Edith Schippers oan.

Neffens LTO Noard ûntbrekt der in goeie keppeling tusken ûndersyk, praktyk en belied. "Daarom willen wij een ministerie waarin dit weer samen wordt gebracht. De actie van onze leden laat zien dat hier ook op het boerenerf dringend behoefte aan is", stelt foarsitter Marc Calon fan LTO Nederlân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)