Domela 'ferlost' Feanster kultuer

10 apr 2017 - 22:38

De kolleksje fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis yn it museum op It Hearrenfean is rêden. En noch mear as dat. De folsleine ried fan Hearrenfean stipe moandei in amendemint dat it kolleezje freget 125.000 euro ekstra út te jaan oan kultuer yn de gemeente. Net allinnich Domela is dêrmei rêden. Ek museum Belvédère (50.000 euro ekstra), it Oranjewoudfestival (25.000 euro ekstra) en de amateurkultuer (33.000 euro ekstra) krije ekstra te besteegjen.

En dat allegear nei in soad kommoasje en protest tsjin it opheffen fan it Domela-museum. Oant moandeitejûn krekt foar de riedsgearkomste. Doe wie der noch in manifestaasje foar it behâld fan Domela foar It Hearrenfean. Domela fungearret troch it beslút fan de ried fier nei syn dea noch as ferlosser fan de kultuer yn de gemeente.

Bliidskip

Der is no bliidskip by alle kulturele ynstellingen yn Hearrenfean. Direkteur Linda Trip fan Museum Heerenveen seit ta dat se modernisearje sille en hat al kontakten mei oare musea om te sjen wêr't se gearwurkje kinne. Dat is ien fan de betingsten fan de ried fan Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)