"Gjin draachflak, dan gjin sinnepark"

10 apr 2017 - 22:19

As der gjin draachflak is en gjin sprake fan partisipaasje, dan sil de gemeente Ljouwert gjin sinneparken tastean. Wethâlder Henk Deinum sei dat moandeitejûn op in politike foarumjûn. De PvdA hie fragen steld nei't bewenners fan Wurdum yn aksje kaam wiene tsjin fergunningoanfragen foar twa grutte sinneparken oan de noardkant fan it doarp.

De publike tribunes sieten fol. Mear as sechstich bewenners fan Wurdum, Swichum en Wytgaard wiene op de ynformaasjejûn ôfkaam.

'Plan voor de zon'

Neffens wethâlder Deinum jout it bestimmingsplan 'Plan voor de zon' de gemeente genôch mooglikheden om fergunningen te kearen. Dat komt troch it saneamde ôfwikingsfoech dat yn it plan opnaam is.

Bewenners en doarpsbelang hawwe harren twifels dêroer. Sy sjogge leaver dat kritearia lykas de ôfstân ta it doarp en de mate fan partisipaasje fêstlein wurde. Itselde jildt bygelyks ek foar draachflak: hoefolle bewenners moatte it dermei iens wêze, telt it hiele doarp of allinnich de minsken dy't der streekrjocht mei te krijen hawwe?

Ferkeard oanpakt

Deinum fynt dat de bedriuwen dy't oant no ta fergunningen oanfrege hawwe, Kronos en Groen Leven, it ferkeard oanpakt hawwe. "Se hawwe earst in fergunning oanfrege en dêrnei pas de bewenners en belutsenen ynformearre. Dat moat oarsom."

It Dútske Kronos hat de oanfraach ynlutsen nei protesten yn it doarp. Groen Leven noch net, mar Deinum seit dat se al witte dat harren oanfraach net honorearre wurde sil, omdat se net foldien hawwe oan de kritearia. Dan doelt er derop dat der gjin draachflak is foar it plan.

De wethâlder sei ek ta dat der in stappeplan komt oer hoe't in oanfraach behannele wurdt. Earste stap soe wêze moatte dat der draachflak is foar in plan.

Trefwurden: 
sinnepark Wurdum foarumjûn
(Advertinsje)
(Advertinsje)