Ljouwert wol Roze Zaterdag organisearje yn 2019

In reinbôgeflagge © ANP
De stêd Ljouwert stelt him beskikber foar Roze Zaterdag 2019. Dat hat de gemeenteried moandei besletten. Roze Zaterdag is in jierlikse manifestaasje yn Nederlân dy't as doel hat om de diversiteit fan homo's, lesbo's, biseksuelen en transgenders sjen te litten en sa it begryp foar harren te fergrutsjen.
De earste Roze Zaterdag waard yn 1978 yn Amsterdam holden. Stêden dy't har beskikber stelle, moatte in bidbook skriuwe. Op 24 juny dit jier wurdt op de Roze Zaterdag yn Den Bosch bekend makke hokker stêd it evenemint yn 2019 organisearje mei.