SC Hearrenfean wint derby der beloften fan SC Cambuur

10 apr 2017 - 20:39
Foto: Omrop Fryslân

De 'derby der beloften' tusken Hearrenfean en Cambuur is moandeitejûn einige yn 2-1 foar de Feansters. Op sportpark Skoatterwâld kaam de thúsploech op foarsprong troch in goal fan Younes Namli, mar Cambuur makke foar rêst gelyk troch Achraf Akhamrane.

Nei de tee makke Michel Vlap fuort de 2-1 foar Hearrenfean. Cambuur hie yn de einfaze in grutte kâns op de 2-2 nei't se in penalty takend krigen, mar keeper Wouter van der Steen kearde de strafskop.

(Advertinsje)
(Advertinsje)