FIDEO: Manifestaasje foar behâld Domela-museum

10 apr 2017 - 20:08

Op It Hearrenfean waard moandeitejûn in manifestaasje hâlden foar it behâld fan it Ferdinand Domela Nieuwenhuis Museum. It museum driget te ferdwinen troch in tekoart oan gemeentlike subsydzje.

Sabeare Domela

Om sluting fan it museum foar te kommen, organisearren it Domela Nieuwenhuis Fonds en it fakbûn FNV de manifestaasje, dy't ek in ludike kant hie. Sa waard troch Ferdinand Domela Nieuwenhuis sels in petysje oanbean oan boargemaster Tjeerd van der Zwan. De petysje, mei de namme 'Hou Domela in Heerenveen', is goed 4.000 kear tekene.

Pommeranten

By de manifestaasje sprutsen ûnder oaren heechlearaar Yme Kuiper (Ryksuniversiteit Grins en âld-bestjoerder Domela Nieuwenhuis Fonds), Lutz Jacobi fan de PvdA, Museum Heerenveen-direkteur Linda Trip en SP-foarsitter Ron Meyer oanwêzich. Ek fakbûnsbestjoerder Anne van Dijk fan de FNV die mei.

De gemeenteried fan Hearrenfean nimt moandeitejûn in beslút oer de subsydzje foar it museum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)