Fûgelwachters beskermje seldsume fûgels op Skylge

De Noordsvaarder op Skylge © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Op de Noardsfarder op Skylge wurde dit jier foar it earst fûgelwachters ynset. Fan mids april ôf besykje sy de nêsten te beskermjen fan tige seldsume fûgels lykas de lytse stirns en de bûnte wylster. Dy binne sljocht op kustgebieten mei grutte sânflakten, mar op de measte plakken yn Nederlân is it fierstente drok mei minsken.
De Noardfarder is goed tagonklik fan West-Skylge ôf, mar sa drok as op guon strannen is it der net. Earder is wol besocht om mei buorden foar te kommen dat nêsten fersteurd wurde. Mar dat wie net genôch.
De ynset fan fûgelwachters is net nij op Skylge. It bart al langer op de Boskplaat. De fûgelwachters binne yn de briedperioade alle dagen op de Noardsfarder.