UPDATE: Steuring Drachtsterbrêge Ljouwert is foarby

10 apr 2017 - 19:10
Steuring by de Drachtsterbrêge yn Ljouwert - Foto: 112fryslân.nl

De Drachtsterbrêge by Ljouwert hat moandeitejûn in skoft ticht west fanwege in steuring. De brêge stie troch noch ûnbekende oarsaak iepen en woe net mear ticht. Der waard in monteur oproppen om de brêge te meitsjen en om healwei njoggenen mocht it ferkear wer oer de brêge. Nei ferwachting is it defekt om middernacht makke.

Trefwurden: 
Drachtsterbrêge steuring
(Advertinsje)
(Advertinsje)