Protest tsjin biofergister Burgum

10 apr 2017 - 18:19

It plan foar in grutte biofergistynstallaasje by Burgum stuitet op ferset fan in groep omwenners. Enerzjybedriuw Engie, eigener fan de elekrisiteitssintrale by de Burgumer Mar, wol in fergister pleatse njonken de sintrale. It aksjekomitee 'Geen tweede stinkfabriek' wol dat de polityk en ek de boargers harren fersette tsjin de eventuele komst fan sa'n 'megafergister'.

Neffens har sil de fergister foar in soad stjonkoerlêst soargje, mar ek lûds- en ferkearsoerlêst. Boppedat soe it ôfbreuk dwaan oan it toerisme by de Burgumer Mar. It soe de gemeente ek net folle opleverje kwa wurkgelegenheid.

Beswieren

Foar de bou fan de ynstallaasje is gjin miljeu effekt rapportaazje nedich, neffens de provinsje. Omwenners en belanghawwers kinne beswieren kenber meitsje as de fergunningsproseduere opstart is. De aksjegroep lit it der net by sitte en riedt him ta op fierdere aksjes.

By de enerzjysintrale komt ek in in grut sinnepark.

Trefwurden: 
biofergister Burgum
(advertinsje)
(advertinsje)