"Gjin Fryske ljipaairôvers yn Brabân"

10 apr 2017 - 17:43

Yn Fryslân wurde gjin ljippenêsten leechrôve troch minsken. Dat seit Rendert Algra, foarsitter fan it Frysk Bûn foar Fûgelwachten: "Wy hawwe gjin sinjalen krigen dat nêsten leechhelle wurde troch minsken. Ik gean der fanút dat wy Friezen de ljippenêsten mei rêst litte."

Brabân

Op it stuit is der yn Noard-Brabân opskuor oer ljippenêsten dy't plondere wurde troch minsken. Neffens Omroep Brabant binne der ek Friezen op Brabânsk boerelân kontrolearre op it stellen fan de aaien. Algra neamt it "fiersocht " dat Friezen nei Brabân reizgje om ljipaaien út nêsten te heljen.

"Ik leau dêr net yn. In Fries dy't in aai wol, hoecht dêr echt net foar nei Brabân. Der lizze yn Fryslân sa'n 16.000 ljippe-aaien, dêr hoege je net foar nei Brabân. Dat it Friezen binne, is moai betocht, mar dat wol der by my net yn."

Stokjes of GPS

De nêsten mei aaien binne faak ienfâldich te finen foar rôvers, om't se markearre wurde mei stokjes. Dizze stokjes wurde troch boeren as warskôging brûkt, sadat se mei de trekker net oer de nêsten hinne ride. Yn Fryslân wurdt lykwols hieltyd faker gebrûk makke fan in GPS-systeem mei ferklikker, wêrtroch ienfâldich sjoen wurde kin wêr't de nêsten lizze. Hjirtroch binne stokjes net mear nedich en kinne rôvers de nêsten dreger fine.

Algra ferwachtet dat yn de takomst boeren yn alle provinsjes in GPS-systeem op de trekker brûke sille.

(Advertinsje)
(Advertinsje)