Boete en rydûntsizzing foar trochriden nei ûngelok

De rjochtbank © Omrop Fryslân, Joris Kalma
In 30-jierrige frou út Snits hat in boete fan 800 euro en in rydûntsizzing fan acht moanne ûnder betingst krigen, omdat se yn Drachten in fytster oanriden hat en dêrnei trochriden is. De frou fergeat yn juny ferline jier by in rotonde om de frou op de fyts foarrang te jaan. It slachtoffer foel, mar de fertochte ried troch, nei eigen sizzen omdat se yn panyk rekke wie. De plysje hâlde har letter op de jûn oan.
De rjochter sei dat de frou op it plak fan it ûngelok bliuwe moatten hie. It slachtoffer rekke nei it sikehûs mei rêchklachten. Se hat trije wike net wurkje kinnen.