Samle wurk fan Tsjêbbe Hettinga wurdt presintearre

10 apr 2017 - 16:50

It samle wurk fan dichter Tsjêbbe Hettinga wurdt freed 21 april by Tresoar presintearre. It samle wurk mei de titel 'Het vaderpaard / It faderpaard' befettet alle gedichten fan de dichter dy't yn 2013 ferstoar. It boek telt mear as 800 siden en alle gedichten steane der twatalich yn.

Nijste wurk

De sammelbondel beslacht in dichterlik oeuvre fan 44 jier. Dêr is ek Hettinga syn nijste, achtste dichtbondel by, 'De ring fan Gyges', dy't er sels noch gearstalde; de tekst stie klear op syn kompjûter.

Webside

Piter en Wypkje Hettinga, bern fan de dichter, sille it earste eksimplaar oanbiede oan Henk Deinum, goede freon fan Hettinga en syn selskip op in grut tal bûtenlânske reizen. Tagelyk mei it ferskinen fan it boek giet de webside www.tsjebbehettinga.frl online.

MP3

Hettinga wie ferneamd om syn foardrachten. Syn letter wurk ferskynde net allinne yn tekst, mar ek op cd. Alle foardrachten komme tagelyk mei it boek as mp3 beskikber fia de website www.luisterrijk.nl. It komplete audiowurk beslacht fjouwer mp3-cd's fan elk sawat in oere.

Het vaderpaard / It faderpaard ferskynt by útjouwerij De Bezige Bij yn Amsterdam. Dêr is op 20 april de lanlike presintaasje fan it boek.

(Advertinsje)
(Advertinsje)