Wâlskanten by Snits wurde ferstevige

10 apr 2017 - 16:03

It Wetterskip Fryslân fersteviget oan de súdkant fan Snits de kommende tiid in grut tal wâlskanten. It giet om ûnder oare de Wâldfeart, de Broeresleat en de Wite en Swarte Brekken. Doel is om problemen yn gefal fan wetteroerlêst foar te kommen. Guon kaden binne te leech of te swak en moatte dêrom ferstevige wurde. Der wurdt ek romte foar ekstra wetterberging makke.

In oantal wâlskanten wurden ek natuerfreonlik makke, sadat reid en wetterplanten der better groeie kinne en bisten mear har gerak krije.

Trefwurden: 
Wetterskip Fryslân Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)