Ljouwert krijt tritich generaasjebeammen

De rûzje kin gean oer oerhingjinde beamtûken © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De gemeente Ljouwert plantet dit jier tritich generaasjebeammen. Dat binne beammen dy't sa âld wurde dat se meardere generaasjes oerlibje. Neffens de gemeente is it yn in stedske omjouwing in hiele toer om beammen âlder as hûndert jier wurde te litten. Fergelike mei hûndert jier lyn sjocht in stêd der no hiel oars út, troch bygelyks rioelearring en bekabeling dy't der kaam is, of troch it drokke ferkear, dêr't in beam net altyd oer kin.
Der steane yn Ljouwert hast trijehûndert beammen dy't hûndert jier of âlder binne. Mar dy ha net de offisjele status fan 'generaasjebeam'. De earste dêrfan giet no woansdei yn de grûn.