Harnzer krijt wurkstraf foar it ynsmiten fan ruten

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In man út Harns hat tritich oeren wurkstraf krigen, omdat er yn desimber de ruten ynsmiten hat by de eks fan syn eks. Doe't er hearde dat syn eks-freondinne werom wie by har eardere feint waard er poerrazend en sloech er by him mei in grutte balstien de ruten fan de foardoar yn. Doe't de eks-freon op it leven ôfkaam, warskôge de fertochte him noch dat er gjin oanjefte dwaan moast, mar dat is dus wol bard.