Arriva en NS sette ekstra ferfier yn mei The Passion

10 apr 2017 - 14:21
Minsken stappe yn de trein rjochting Grins op it stasjon fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Ferfiersbedriuwen Arriva en NS sette tongersdei ekstra treinen en bussen yn om besikers fan The Passion yn Ljouwert te ferfieren. Neist de langere treinen wurde ekstra meiwurkers op it stasjon ynset om besikers goed opfange te kinnen.

Nei ôfrin fan it evenemint wurde ekstra treinen ynset yn de rjochting fan Snits, Harns, Zwolle en Grins. De ekstra trein nei Snits rydt boppedat troch nei Starum.

De ekstra bussen sille fanwege it ôfsluten fan guon diken yn it sintrum wol oare rûtes ride. Dizze rûtes binne op de webside fan Arriva te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)