Ried fan Steat kritysk oer ynlûken lisplak Harns
De rjochtsaak foar de Ried fan Steat fan Fred Lakeman fan Rederij Wadden Transport tsjin Harns is moandei net goed útpakt foar de gemeente. Lakeman hie de gemeente foar de rjochter brocht omdat hy syn lisplak yn de Vluchthaven driget te ferliezen, omdat de gemeente dêr in jachthaven mei 150 lisplakken oanlizze wol. De gemeentlik wurdfierder koe foar de rjochtbank net hurd meitsje dat dy nije haven needsaaklik is en koe boppedat net oantoane dat der genôch nei de belangen fan Lakeman sjoen is. Sa hat Harns Lakeman gjin alternatyf oanbean, nettsjinsteande dat de gemeenterieden fan Skylge en Flylân der op oantrune hiene.
Lakeman ferfiert mei syn transportskip swier materiaal, werûnder militêr materiaal, nei de eilannen. Under de rjochtsaak waard wol dúdlik dat it ynlûken fan de lisplakfergunning fan Lakeman yntusken wer weromdraaid is. De rjochter rôp de partijen op om sa gau mooglik in oplossing te betinken. De Ried fan Steat docht binnen 12 wiken útspraak oer it jachthavenplan.