Earste rang by The Passion sitte

Gerke van der Wagen sit tongersdei earste rang by The Passion. Hy wennet nammentlik oan it Wilhelminaplein yn Ljouwert, dêr't de prosesje mei it wite krús einiget. Hy kin it hiel goed folgje, want hy wennet trije heech. "Ik ha in prachtich útsicht, links fan my stiet in gigantyske stellaazje, mar foar myn rút is it noch frij. It kin net better." Al in pear dagen binne se dwaande mei de opbou fan it poadium. "De loopplanke nei it poadium binne se no wyt oan it beplakken."
Balkons
Al aardich wat minsken ha Gerke van der Wagen frege oft se by him The Passion meimeitsje kinne. "Ik tink dat der sa'n tsien minsken delkomme, dat wurdt wol gesellich mei in hapke en in drankje derby." Earder hie er wolris fragminten op telefyzje sjoen, "mar dizze happening wol ik no wol meimeitsje." Ek de buorlju krije gasten op besite. "No mar hoopje dat de balkons it hâlde."