Ljouwerter mishannelet befeiliger op Ruterskertier

10 apr 2017 - 13:48
De Ljouwerter plysje moast wer yngripe op it Ruterskertier - Foto: Omrop Fryslân

In 38-jierrige Ljouwerter is sneontenacht oanhâlden foar it mishanneljen fan in befeiliger. De man wie in hoarekasaak oan it Ruterskertier útset fanwege ferfelend gedrach. Doe't de plysje him oanhâlde woe, fersette de man him bot.

Hy waard meinaam nei it plysjeburo. Dêr krige de man te hearren dat hy him op 31 july foar de rjochter ferantwurdzje moat. Boppedat krige de Ljouwerter in kollektyf hoarekaferbod fan in jier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)