Ljippenêsten yn Brabân wurde massaal leechrôve

10 apr 2017 - 13:21
Doas mei troch de plysje yn beslach nommen stellen ljipaaien - Foto: Dierenpolitie / Twitter

Ljippenêsten yn Brabân wurde massaal leechrôve troch aaisikers. Neffens de plysje en natuerbeskermers bart dat dizze maaitiid folle faker as yn de ôfrûne jierren. As oarsaak wurdt neamd dat de hannel yn aaien de lêste jierren bot tanimt, wylst tagelyk it opkrijen fan aaien yn Fryslân ferbean is. Ljipaaidieven hawwe de ôfrûne wiken taslein by de plakken Wintelre, Gilze en Someren. Yn Wintelre waard sels in ljipaaidief oppakt mei mar leafst 27 aaien.

Jochem Sloothaak fan Het Brabants Landschap neamt it ferbod op it aaisykjen yn Fryslân as in mooglike oarsaak fan de aaiestellerij yn it suden. Ek de tige libbene hannel yn fûgels yn België spilet nei alle gedachten in rol. Op Omrop Brabân neamde Sloothaak de ljipaaistellerij 'in ramp'.

Yn Fryslân is oant no ta ien kear melding dien fan it stellen fan aaien út ferskate nêsten. Dat is bard yn de omkriten fan Ternaard en Ingwierrum. Der is net ien foar oanhâlden. Neffens de plysje wurdt der wol ekstra kontrolearre troch meiwurkers fan allerhande ynstânsjes lykas it Wetterskip.

Trefwurden: 
Brabân ljippenêst
(Advertinsje)
(Advertinsje)