Plan om partikuliere wenten enerzjyneutraal te meitsjen

10 apr 2017 - 13:10

Je eigen hûs enerzjyneutraal meitsje. In soad minsken soene it wol graach wolle, mar fine de finansiering mar dreech. Om dêr feroaring yn te bringen wurdt moandei troch boubedriuw Lont en enerzjy-advysburo Ekwadraat in inisjatyf lansearre dat hûseigenaren oer de streep helpe moat.

De kearn fan it plan komt der op del dat minsken fia de enerzjy-rekken de ynvestearring yn it duorsum meitsjen fan it eigen hûs ôfbetelje. Omdat de enerzjyrekken nei de oanpassings oan it hûs yn de praktyk in stik leger is, kinne je sa alle moannen ôfbetelje sûnder dat jesels ekstra ta de bûse moatte. De inisjatyfnimmers geane der fan út dat de measte minsken de ynvestearring sa yn tsien oant fyftjin jier ôfbetelje kinne.

De inisjatyfnimmers binne fan doel om de oanpak tagelikertiid oan guon doarpen en stedswiken oan te bieden. Camminghabuorren wurdt neamd as in stedswyk dy't geskikt is foar de nije oanpak, mar der wurdt ek kontakt socht mei doarpen dy't in eigen enerzjykoöperaasje hawwe.

Plannen foar it duorsum meitsjen fan besteande bou binne oant no ta benammen rjochte op hierwenten fan wenningboukoöperaasjes. It inisjatyf fan Ekwadraat en Lont is nei alle gedachten ien fan de earsten dy't ûntwikkele is foar de partikuliere wenningmerk.

Trefwurden: 
enerzjyneutraal
(Advertinsje)
(Advertinsje)