Oerol makket muzykprogramma bekend

10 apr 2017 - 12:28

It muzykprogramma fan Oerol is bekend makke. Op it Skylger festival sille ûnder oare de Fryske bands Broken Brass Ensemble en Sväva spylje. Oare artysten binne Jett Rebel, The Kik, Kraantje Pappie, The Cool Quest, Moss, Danny Vera, The Jerry Hormone Ego Trip en Small Time Crooks.

Op 1 maaie wurdt it teäterprogramma bekend makke. Oerol is dit jier fan 9 oant en mei 18 juny.

Trefwurden: 
Oerol muzyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)