Fiif tips foar in ultime Passion

11 apr 2017 - 06:55
Foto: Omrop Fryslân

Tongersdei is it safier: The Passion yn Ljouwert, it telefyzjespektakel oer it lijensferhaal fan Jezus. Miljoenen minsken folgje syn lêste tocht mei syn folgelingen op telefyzje, mar tûzenen rinne ek sels mei yn de prosesje.

Fiif tips foar in ultime Passion-belibbing:

Hoe kom ik der?

Hoe kom ik der?

De gemeente Ljouwert ropt belangstellenden op om foaral mei it iepenbier ferfier nei de stêd te kommen. Automobilisten kinne parkearje op plakken dy’t mei buorden oanjûn binne en yn de parkeargaraazjes. Arriva set ekstra treinen en langere treinen yn om besikers te ferfieren. Ek nei ôfrin wurde ekstra treinen ynset en ride der ekstra treinen nei Snits, Harns en Grins. Ek set Arriva ekstra bussen yn. Fanwege de ôfsluting fan guon diken yn it sintrum ride guon bussen in oare rûte.

Wêr kin ik it bêste stean gean?

De rûte dy’t de prosesjegongers mei it grutte wite ferljochte krús ôflizze, wurdt net yn it foar bekend makke út feilichheidsoerwagingen. Mar wat al wol bekend is, is dat it slot op it Wilhelminaplein by it Fries Museum is. Mar dêr silst net de iennige wêze (der wurde sa'n 20.000 besikers ferwachte) dus soargje datst op ’e tiid bist. In oar moai plakje is fansels de Prinsetún, mar oft The Passion dêr ek delkomt? O ja, The Passion is ek op in grut skerm te folgjen op it Aldehoustertsjerkhôf.

Moat ik in paraplu meinimme?

Neffens Piet Paulusma is der tongersdei oerdeis noch kâns op in buike, mar bliuwt it fierder drûch. Oerdeis is it sa’n 11 oant 12 graden, mar jûns kuollet it ôf nei sa’n 6 graden. De westewyn hat krêft 3 en de sinne giet om 20.29 oere ûnder.

Wêr giet it ek alwer oer?

Is Peaske net wat mei aaien en in hazze? Foar supermerken liket dat wol sa, mar it is ek in kristlik barren. The Passion fertelt oer de lêste oeren fan it libben fan Jezus en syn dea. Bekende Nederlanners fertolkje de rollen fan Jezus, Maria, Petrus, Judas, de ferteller en ferslachjouwer. Dy lêste rint mei de prosesje mei.

Moat ik ‘In nije dei’ noch even oefenje?

Lykas altyd sitte bekende Nederlânsktalige popnûmers yn The Passion, mar neist de Fryske Maria, in rol fan Elske DeWall, kinne se fansels net om it Frysk hinne. Neffens de Omrop Fryslân Facebook-poll is ‘In nije dei’ fan De Kast dêr it measte geskikt foar. Hoe wie it ek al wer? ‘Jou my dyn hân, jou my dyn hert...’ O ja, ûnder de útstjoering fan The Passion komme de lietteksten op de webside fan The Passion.

Oars noch wat?

Ja, kinst tongersdei mei Syb van der Ploeg The Passion-stedskuier dwaan. Hy lit de moaiste plakjes fan Ljouwert sjen. Der is kofje en tee mei wat lekkers ûnderweis en Syb nimt syn gitaar mei.

The Passion is tongersdei 13 april op telefyzje om 20.30 oere op NPO 1. Omrop Fryslân docht fansels ek ferslach op ynternet en fia de sosjale media, we rinne ûnder oare fia Facebook-live mei de prosesje mei.

Trefwurden: 
The Passion Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)