Ljouwerter plysje betrapet drankriders

10 apr 2017 - 10:57
Alkoholkontrôle - Foto: ANP

De plysje yn Ljouwert hat it ôfrûne wykein trije drankriders oanhâlden. In 22-jierrige Ljouwerter waard sneintemoarn betiid op de Troelstrawei oan de kant set. In 36-jierrige stedsgenoat op de Prinsessewei en in 22-jierrige Ljouwerter op de Stasjonswei waarden beide yn de nacht fan freed op sneon betrape.

Alle bestjoerders krigen in rydferbod fan 3 oant 7 oeren en der is ek tsjin alle oertreders proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
drankride
(Advertinsje)
(Advertinsje)