Opstekker foar swimbad De Bildtse Slag yn Sint-Anne

10 apr 2017 - 10:49
Swimbad De Bildtse Slag yn de tiid dat it tydlik ticht wie... - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

It swimbad fan sportsintrum De Bildtse Slag yn Sint-Anne is it ôfrûne wykein keazen ta 'Beste Uitje' yn de kategory yndoor swimbaden. It swimbad krige lanlik mei in trochsneed sifer fan 9,4 de heechste wurdearring en waard ek winner fan Fryslân. It 'Beste Uitje' is in inisjatyf fan de Persgroep. De meiwurkers fan it swimbad holden de lêste wiken in soad aktiviteiten om safolle mooglik stimmen te fertsjinjen. Dêrby waarden ek sosjale media as Facebook ynset.

Ferline jier kaam it swimbad yn it nijs doe't it dak drige yn te stoarten omdat der in grutte plasse reinwetter op lizzen bleau. De brânwacht waard der by helle en dy seage it trochsakke dak stikken. Op 14 novimber gie it fernijde swimbad wer iepen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)