Foaral administraasje soarget foar wurkdruk op basisskoalle

Wurkdruk op de basisskoalle sit him net yn grutte klassen of dwerse bern. Benammen de ferplichting om alles dat dien wurdt by te hâlden, fêst te lizzen en te dokumintearjen is foar in soad masters en juffen in grutte lêst. Ut ûndersyk fan regionale omroppen en de NOS docht bliken dat foaral de boekhâlding foar in soad wurkdruk soarget. Neffens in soad dosinten liket it der in soad op dat it op skoalle net mear om de bern giet, mar om de boekhâlding.
Yn de formaasje fan it nije kabinet wurdt ek praat oer it ûnderwiis. It giet dan om saken as lytsere klassen en de salarissen. Wichtige saken, mar yn de praktyk is de belesting troch de boekhâlding foar dosinten in op syn minst like grut probleem.

Dossiers

Foar it ûndersyk hawwe sa'n 700 learkrêften ferteld oer hoe't sy de wurkdruk belibje. Yn it ûndersyk koene sy kieze út sechtjin mooglike oarsaken fan de hege wurkdruk. As oarsaak wurdt de administraasje, lykas it byhâlden fan dossiers en learlingfolchsystemen, fierwei it faakst neamd. 36 prosint neamt de administraasje as de wichtichste oarsaak fan wurkdruk, foar nochris 29 prosint is it de twadde of tredde oarsaak.
Oare oarsaken wurde folle minder faak neamd. Lestige bern mei earnstige gedrachsproblemen binne foar 15 prosint fan de masters en juffen de wichtichste oarsaak fan hege wurkdruk. Foar 13 prosint binne te grutte klassen de wichtichste reden.
Leeftyd en ûnderfining liket net in al te folle ynfloed te hawwen op de stress. Minsken dy't al mear as tritich jier foar de klasse steane hawwe likefolle problemen mei de administrative belesting as minsken dy't krekt fan de PABO komme. Ek binne der gjin grutte regionale ferskillen te sjen.

Staking

Wurkdruk en de rol van 'administrative lesten' is ek ien fan de grutte klachten fan 'PO in actie', in aksjegroep fan lulke dosinten yn it basisûnderwiis mei mear as 33.000 leden. Dizze ûnderwizers hawwe al oankundige dat se stake sille as de polityk net yngiet op harren easken.

Oplossings

Algemiene Underwiisbûn AOb die al earder in eigen ûndersyk nei wurkdruk. Neffens it fakbûn is it fral wichtich dat de klassen lytser wurde, want mei lytsere klassen wurdt de boekhâlding fansels ek lytser. 'Meer handen in de klas' kin ek helpe, want in ûnderwiisassistint kin hiel goed in part fan de administraasje op 'e noed nimme. Ek skoalbestjoeren soene mear betrouwen hawwe moatte yn de meiwurkers. Dy hawwe in goeie oplieding; it is net nedich om alles wat sy dogge te kontrolearjen, fynt it fakbûn.

Neffens de PO-Raad, de organisaasje fan wurkjouwers yn it basisûnderwiis, moat der mear jild nei it ûnderwiis. "De kosten liggen miljoenen euro's hoger dan de inkomsten. De overheid wil voor een dubbeltje op de eerste rang zitten. Dat is funest voor het onderwijs, funest voor de leerkracht, funest voor de leerling". Dat jild is foaral nedich foar mear hannen yn de klas en foar ynvestearrings yn ICT.