Brân yn garaazje Burgum en brân yn wenhûs Snits

10 apr 2017 - 09:41
De brânwacht dwaande mei it bestriden fan de garaazjebrân yn Burgum - Foto: De Vries Media

Twa brannen yn Fryslân sneintenacht en moandeitemoarn betiid. Moandeitemoarn wie der brân yn in garaazje oan de Tuskendiken yn Burgum. By de brân kaam in soad reek frij. De strjitte waard tydlik ôfsletten foar ferkear. Der rekke net ien ferwûne. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

Bewenners fan in hûs oan de Jonkfrou yn Snits waarden sneintenacht alarmearre troch it brânalaarm. Se wisten dertroch op tiid út 'e hûs te kommen. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle, mar koe net foarkomme dat it hûs in soad skea oprûn.

Trefwurden: 
brân
(Advertinsje)
(Advertinsje)