Kollum: "De pampergeneraasje"

"Ofrûne freed baarnde It Trije Hûs yn Grou folslein ôf. Fan it goed 300 jier âlde restaurant bleau net mear oer as in smeulend bultsje. Eigener Ulbe Dijkstra seach syn saak yn in pear oeren tiid yn flammen opgean. Op de radio hearde ik in ynterview mei him, dêr’t er ferrassend kalm yn wie. Fansels wie er djip rekke troch de brân, mar Dijkstra bleau opfallend sterk. Hy wie “aangeslagen maar niet verslagen”, sa’t Jacques Tichelaar, eks-kommisaris fan de Kening yn Drinte, dat koartlyn noch sa moai sei.

Aangeslagen maar niet verslagen. It die my tinken oan in stik dat ik in pear wike lyn lêsde oer omgean mei tsjinslach. Nederlanners kinne hieltyd minder goed omgean mei tsjinslaggen, konkludearren de saakkundigen yn it stik. Dêr’t tsjinslach eartiids gewoan by it libben hearde, ha wy ús libben tsjintwurdich sa ynfold dat de kâns op tsjinslach minym is. En as it ús wol oerkomt, witte we eins net hoe’t we reagearje moatte. What doesn’t kill you, makes you stronger. Mar yn stee fan dat tsjinslach ús sterker makket, ferlammet it ús. Wy kinne der simpelwei net mear mei omgean.

En it wurdt noch folle slimmer, want de nije generaasje wurdt allinnich noch mar mear beskerme tsjin tsjinslaggen. 'De Pampergeneratie', neamde Renate van der Zee se hiel tapaslik yn har stik yn HP/De Tijd. Sûnt de jierren njoggentich wurde bern dei yn dei út pampere troch heit en mem. Mei de auto nei skoalle, want fytse is te gefaarlik. Net op it klimrek boartsje, want silst der mar útfalle. En binnen feilich achter de Playstation, want bûtendoar rekkest noch ferkâlden. Heiten en memmen helje alle mooglike obstakels fuort, wêrtroch’t dizze bern gjin inkele tsjinslach kennen leare.

Sêfte pampere berntsjes, dy’t noch foardat se stroffelje al opheind wurde. Moatst der dochs net oan tinke dat dizze generaasje hjir aanst de boel runne moat. Dat komt net goed mei dy weake aaien. Op 1 april starte VeiligheidNL, ús nasjonale advyssintrum foar feiligens, dêrom de kampanje om bern wat mear 'risicovol' boartsje te litten. Ut ynternasjonaal wittenskiplik ûndersyk docht bliken dat 'riskant spelen' goed is foar de ûntwikkeling fan bern. Se kinne risiko's better ynskatte, wurde dêrtroch selsstanniger en bouwe mear selsbetrouwen op.

It boadskip fan VeiligheidNL is helder. Jou bern de romte om teloarstellings mei te meitsjen. Lit se fytse sûnder sydtsjiltsjes mei it risiko dat se falle, lit se klimme yn beammen dêr’t se út donderje kinne en lit se sleatsje springe mei de kâns dat se kopke ûnder gean. Mei oare wurden: boartsje sa’t wy eartiids ek boarten. Springe fan de meters hege souder yn in bulte hea. Race mei in opfierde crossbrommer troch it lân. En op ‘e kletter mei de pony tidens in bûtenrit. Sa learden wy net allinnich oer swiertekracht, mar ek oer wilskracht dyt’st yn it libben nedich hast.

Spitigernôch is sá grutwurde net foar elts bern weilein. Seker net ast yn in flatsje tsien heech yn de Bijlmer wennest. Dêrom hâldt VeiligheidNL it simpel. ‘Laat een kind in bomen klimmen, hout snijden met een scherp zakmes of af en toe een fikkie stoken’, is it advys. Alhoewol: fikkie stoken is miskien net sa'n goed plan. Want om de tsjinslach fan in brân krekt sa stoer as Ulbe Dijkstra te ferwurkjen, dêrfoar moast wol út hiel goed hout snien wêze."

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer foar ferskate Fryske media en wurket dêrneist by de NHL. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl