Ein fan Boer zoekt Vrouw-aventoer foar Fryske froulju

Twa Fryske froulju dy't dit seizoen yn it populêre tv-programma Boer zoekt Vrouw Internationaal sieten, gean beide net mei de boer op wa't se skreaun hawwe op dreamdate.
Alberdien
Alberdien út De Hommerts wachte it keuzemomint fan boer Olke ut Texas op de lêste dei net ôf. Al fielde Olke fan it begjin ôf as 'har fint' en seach se in libben mei him wol sitten. Dochs moast se mei in soad emoasjes konkludearje dat it libben op de pleats fan har in sosjaal wrak meitsje soe. "Ik bin echt in bisteleafhawwer en ik haw hjir in oare kant fan it boerelibben sjoen dy't ik eins net kende", sei se tsjin presintatrise Yvon Jaspers.
It feit dat lytse boltsjes nei in tal wiken nei de slacht brocht wurde, dat is eat dêr't Alberdien net oan wenne kin. "Ik wit heus wol dat Olke in business runne moat, mar ik bin der fan oertsjûge dat dit ús leafde yn it paad sitte sil." Olke fûn it tige spitich, mar joech earlik ta dat hy eintsjebeslút dochs foar konkurrinte Sandra kieze soe, mei om dizze reden.
Anke
Foar Anke út Ljouwert rûn it allegear wat oars. Wylst sy by de 'útfanhuzerswike' by boer Marc, de tilapiakweker út Sambia, hieltyd mear gefoelens foar Marc krige, begûnen by him just de flinters foar Annekim hieltyd hurder te fleanen. Ek op it hiem by dizze boer waard der net wachte oant it keuzemomint. Wylst Anke efkes op de bank lei te slûgjen, makke boer Marc oan Annekim (dy't mobile bistedokter is, ek yn Sambia) by it mango plôkjen dúdlik dat hy har graach noch wat langer op syn 'farm' hâlde woe. In tút folge.
En hoe fertel je dat dan oan de frou dy't op de bank leit te sliepen? No.. troch har wekker te tikjen en op ûngemaklike wize te sizzen dat sy har koffers wol pakke mei. In kâlde brûs foar Anke, dy't just miende dat hy har wol sitten seach.
Nije wike yn Boer zoekt Vrouw Internationaal is te sjen oft de leafde tusken de Frysk-Amerikaanske Olke en Sandra opbloeit. Of sit Olke aanst wer allinnich oan de keukentafel kofje te drinken?